Skjin wetter projekt stop setten

It collega hat besluten om ús bydrage oan it Fryske skjin wetter projekt yn Mozambique stop te setten en de WOM har status, fasiliteiten en subsydzje ôf te nimmen. Dit is natuerlik asosjaal. Net oeral in de wrald is it sa goed as yn Fryslân; wy binne ryk, en mei in lyts bytsje jild kinne wy der foar soargje dat minsken net stjerre troch gebrek oan hygiëne.

Ynformaasje oer it projekt: http://www.schoonwatervoormozambique.nl/

It CDA hat in moasje makke oer de WOM en die ha ik ûnderskreaun. Der wurdt in ferbining lein tusken it hâlden fan in kollekte en de subsydzje. Ik bin ree om elk jier in kollekte te hâlden op de hiele Trekwei dan is oan dat punt foldien. Prima ynnitiatyf fan it CDA. Hâld wol yn gedachten dat de WOM ea oprjochte is om de ynwenners te belûken en bewust meitsjen fan de wrâld om ús hinne, dat it net oeral sa goed is as yn Fryslân.

Ik ha in moasje makke oer it skjin wetter projekt en die wol ik graach yn gearwurking mei de PvdA foarlizze. It giet oer in jierlikse bydrage fan 3432,- Sjoch de B&W stikken fan 30 juny 2015.

We ha in wjerstân ratio fan 7, dat is hiel best, we binne ryk. We ha in oerskat op de begrutting 2016 fan 2 ton euro’s. We binne hartstikke ryk as jo dat fergelykje mei de minsken die stipe wurde mei dit projekt. De projekten die wy stypje mei it skjin wetter projekt Mozambique binne rjochte op bern en húshâldingen om har yn steat te stellen om nei in toilet te gean en mei namme har hannen te waskjen. Minsken stjerre oan diarree troch gebrek oan hygiëne. Der wurdt mei dit projekt konkreet wat oan dien. De gemeenten yn Mozambique binne hartstikke wiis mei wat der bart en mei de resultaten die behelle wurde. Der binne by 140 basisskoallen toiletten pleatst en 200.000 bern kinne no har hannen waskje, mei tank oan dit projekt. De resultaten binne nei te lêzen op de webside.

Ik ha hjir stipe foar frege.

It totaal fan de moasje oer de WOM en it skjin wetter projekt is 0.016% fan de begrutting. Yn it grutte boek stiet in ferhaal oer in rike man en in earm witske. Dy rike man pakt ek noch alles ôf fan de widdofrou. Wy binne de rike man.

Johan Harms