Opnieuw vragen over herindeling

Opnieuw vragen van GroenLinks over de herindeling. Over serieuze inspraak, sociale zaken, en financiën.

In de gemeenteraad heeft Johan Harms dit wederom ingebracht. Alle inwoners hebben recht op een duidelijk antwoord.

Yn de rie prate wy meast Frysk, derom is dizze tekst yn it Frysk. As jo dit graach yn it Hollansk ha wolle dan kin ik it foar jo oersette.
Dit is de bydrage fan GrienLinks Menameradiel by de behanneling fan it weryndielingsûntwurp. Wat oanpast omdat we no de namme witte, Waadhoeke!
De desintralisaasje fan it sosjale domein is reden en oanlieding om te fusearjen. As de volkfertsjinwurdigers wer it stjoer ha wolle en net ôfhinklik wêze wolle fan in GR dan is in fúzje needsaak. As de rie beslute wol en net mear genoegen nimt mei it uterjen fan gefoelens dan is in fúzje needsaak. Sa binne we it petear oangien mei de doarpen. It opsetten fan in ôfdieling gemeentlike sosjale tsjinst stiet fei. Dermei ek de grûn foar de fúzje. Wy sille opnij by de doarpen lâns moatte om har by te praten en opnij har miening te jaan. Oars kinne hja mei rjocht sizze dat hja bedondere binne troch de polityk.
In twadde punt finne we op side 27. Ik ha by it earste ûntwurp al opmerkt dat in omskriuwing net konkreet en strak genôch wie. It giet oer de doarpen oan de eastkant fan de nije gemeente. De omskriuwing fan it yn de petearen taseine rjocht om nei de fúzje sels te bepalen by  welke gemeente hja yndield wurde wolle is te rom. De Boargemaster hat tasein dat hy der foar soargje soe dat dit yn oerienstimming brocht wurde soe mei wat beloofd is yn de gearkomsten fan doarpsbelangen. Dat is dus net bart, blykber hat Menameradiel gjin stim yn it kapittel.
Dit binne foar my dus 2 brekpunten yn dit proses. Earst moat dúdlik wurde hoe it komt mei de SoZaWe en earst moat de tekst oanpast wurde oangeande de doarpen oan de eastkant. De stjoergroep sil earst die punten oanpakke moatte foar dat it ûntwurp troch stjoerd wurd nei de provinsje.
It finansjele aspekt is foar my op himsels net in brekpunt mar is al in grutte soarch. Op in begrutting fan straks die nei de 100 miljoen rint is 3 miljoen koartsje in probleem, mar net ûnmooglik.

It blykt dat troch de fúzje fan 3 gemeenten nei 1 gemeente 2 kear ûngefear 1,36 miljoen euro’s minder nei Waadhoeke ta komt. Dit jild komt út de algemiene útkearing, it gemeente fûns.  Plus de 17% fan Littenseradiel kom ik op in 3 miljoen minder foar Waadhoeke dan no foar de besteande gemeenten. Den Haag besparret 3 miljoen troch de fúzje. Yn de nije gemeente moat yn fergelyk mei de praktyk fan hjoed struktureel dus alle jieren ûngefear 3 miljoen besparre wurde. Dat komt boppe op de koarting dy al fest leit yn 2018.

Die besparring fan 3 miljoen moat komme út it skaalfoardiel is it praat. As ik my ynformearje lit dan wurdt soarchlik sjoen as ik fertel dat de gemeente 45.000 ynwenners kriget en mooglik 42.000 as de doarpen oan de eastkant oer geane nei Ljouwert. Binnenlâns bestjoer is ek beslist net oertsjûge fan de te ferwachtsjen kosten reduksje troch it skaal foardiel. As wy 4 ton helje giet it bêst.
Dit is foar my as rie wichtich mar ek foar de amtners en de ynwenners. Dêr moat dus antwurd op komme oars is de fúzje in sprong yn it tsjuster. Soarchfâldich giet foar snelheid toch? Ik ha al faker fragen steld. As ien my in slutend antwurd jout dan kom ik hjir net wer op werom.
Johan Harms