Begrutting Menameradiel net duorsum

Om it waarm wurden fan de ierde te beheinen ta 2 graden moatte der hiel grutte stappen set wurde. Spitich genôch is it no noch sa dat ûnder lieding fan Rutte yn Nederlân mear koalen ferstookt wurden as ea. De útstjit fan CO2 is net ôfnommen de lêste jierren mar is grutter wurden. Nei ús de sûndfloed...  Dat moat oars, te begjinne in Menameradiel!

Dit is de wurdlike bydrage fan GrienLinks Menameradiel by de behanneling fan de programbegrutting 2016:

Yn desimber 2015 is yn in Paris de klimaat top. Om it waarm wurden fan de ierde te beheinen ta 2 graden moatte der hiele grutte stappen set wurde. Ik fyn wynmûnen ek net in ferriking fan it lânskip, mar ik bin der wis fan dat oer 20 jier der in wurkgroep wêze sil ta behâld fan de lêste turbinen. As we net oppasse stieget de see spegel en, it is fuort net safier, mar ferdwine de eilannen en moat de dyk by it waad folle heger en breder. It lânskip oan de kust giet dan yngripend oer de kop.  Dat is de oare kant fan de medalje. It is ek mei de taak fan ús gemeente om stappen te setten yn de goede rjochting. Ik bin bliid dat dit barre sil. It soe my deugd dwaan as it college har net beheint ta de sifers yn de moasje duorsume gemeente.

Ik bin it folslein iens mei de wurden fan ús minister-presidint yn New York op de top die Ban Ki-Moon opset hat.

Gearwurking, ambysje en urginsje gong syn boadskip oer, oars komt it op de kop ferkeard. As jo net better witte dan tinke jo dat Jesse Klaver oan it wurd wie. Spitich genôch is it no noch sa dat ûnder lieding fan de selde Rutte yn Nederlân mear koalen ferstookt wurde as ea. De útstjit fan CO2 is net ôf nommen de lêste jierren mar is grutter wurden. Nei ús de sûndfloed is noch altyd de hearskjende wynrjochting yn bestjoerlik Nederlân. Dat moat oars, te begjinnen mei Menameradiel.

Mei fasilitearren en goed boekhâlden allinnich komme we der net. Ik hie op grûn fan de moasje graach wat lêze wollen yn de begrutting oer hoe besparring berikt wurde moat as kin en mei hokfoar konstruksje der duorsume enerzjy makke wurde sil. Ik ha it net fine kinnen, graach hear ik fan de wethâlder wer it prestaasje doel yn ûnderbrocht is.